Archief

Freerk van de Brug bokaal

Op de feestavond 2019 nam Hiltsje van de Brug het woord en hield onderstaande speech.

Wat is it fijn om hjir wer te wêzen en wat hawwe wy lekker iten! No minsken, foardat de Freerk van der Brug bokaal troch de master sels oerhândige wurdt, wol ik graach efkes in pear wurden mei jimme diele …

Wat fielt it goed dat Freerk en ik wer diel út meitsje meie en boppe al kinne fan dizze feestjûn. Dat hiene wy ferline jier net betinke kinnen …En wat sa geweldich fan safolle fan jimme is dat jimme ús yn dy drege tiid fêsthâlden hawwe, it kontakt bleau middels besite, tillefoan, berjochtsjes fia whatsapp as messenger.

Ferline jier yn juny doe’t Freerk mei dy ferpletterjende meidieling kaam, foar sawol jimme as my en ús bern, dat hy stoppe mei syn grutte passy de dowensport, hie elts fan jimme en ek iksels myn soargen. In tongerslach út in heldere blauwe loft, in dreech beslút fan de master sels. No sil it foar guon froulju hjir jûn oanwêzich ek sa gean sa as it my gie yn de tiid dat wy ús dokes noch hiene, dat je der soms wol ris klear mei wiene, dy dowen. Ik haw wol ris foetere, op tiid nei hûs want de doffers moasten los, as wer mei in board iten nei bûten omdat de dowen hast thúskomme koene …altyd dy dowen … En no, as ik ûnderweis bin en in kloft fleanen sjoch krij ik in brok yn myn kiel …it is sa stil yn en om it hok, ûnwennich, gjin gekoer mear.

Mar neidat elts bekaam wie fan dy meidieling en ek Freerk syn keuze respektearre hie moast der in plan fan oanpak komme, de dokes moasten op koarte termyn allegearre fuort. Dêr hawwe jimme sjen en fiele litten dat wy der net allinne foar stiene … de dokes binne op saterdei 9 juny allegearre ophelle en nei Germ brocht. Germ hat se wiken fersoarge en úteinlik binne alle dokes útsutele wurden nei jimme.

Mar dêr hâlde it noch net mei op, de hokken moasten ôfbrutsen wurde, sloopt en oprûme. Ek doe wiene der guon fan jimme dy’t ús holpen hawwe. Nei al dy drokte kaam de rêst en ek safolle soargen om Freerk, it kontakt mei jimme bleau, in tillefoantsje as besite, hoe weardefol! Mei nije medikaasje kipe de sinne wer efter de swarte wolken fan Huntington wei, dat joech moed. Fan’t maitiid foar it earst wer nei de dowenferiening, spannend mar hoe moai, elts kaam efkes by Freerk om te ynformearen, in praatsje te meitsjen, it die Freerk sichtber goed. Wyls dy besite hat Freerk in moai fotoboek oerlange krigen mei ferskate foto’s oer syn dowenkarrière.

As klapper waard in wiere Freerk van der Brug kompetysje opsetten, geweldich moai, wat hat ús dat goed dien te witten dat jimme Freerk sa yn eare hâlde as fanatyk dowenman.

Ut namme fan van der Brug wol ik jimme tige tank sizze dat jimme der foar ús wiene, yn dy drege tiid, mar no’t it better giet mei Freerk ek mei ús meigenietsje. Freerk hat, sa as jimme wol witte, in doke kocht op in foarige gearkomste, it bloed mei it dowevirus krûpt wêr it net gean kin, it is sterk, hiel sterk! It fielt sa goed dat wy wer diel út meitsje meie fan dizze machtich moaie feriening. Vice Versa, doweferiening, mar net allinne de dowen binne wichtich by dizze feriening, ek de minsk efter de dokes wurdt sjoen.

It is goed te witten dat Freerk syn passy sa fierder syn wei fynt, yn de Freerk van der Brug kompetysje. It neiteam fan syn gefederde freonen, ús dokes! Wat binne wy binne dêr grutsk op!

 

Share
  • Billiga ray ban wayfarer solglasogon
  • nike mercurial superfly